Jan Hendrik Gerrit van Wijhe (Kampen, 24 maaie 19108 july 1987) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP.

Jan van Wijhe
politikus
echte namme Jan Hendrik Gerrit van Wijhe
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 24 maaie 1910
berteplak Kampen
stjerdatum 8 july 1987
partij ARP
boargemaster fan East-Dongeradiel
amtsperioade 1964-1973
foargonger Frans Sijtsma
opfolger Roel Dijkstra

Hy waard berne as soan fan sigaremakker Evert van Wijhe (1886-1941) en Dirkje van den Brink. Hy troude yn 1937 mei Bertha Jacoba Schakel; in dochter fan Dirk Leendert Schakel dy't ien fan de oprjochters fan it (motor)fytsfabryk Sparta wie. Jan van Wijhe wie finansjeel-ekonomysk adviseur fan bedriuwen ear't er yn septimber 1964 beneamd waard ta boargemaster fan Eastdongeradiel as opfolger fan Frans Sijtsma. Ein 1972 gie er mei sykteferlof en yn 1973 waard er ôfkard en gie er mei betiid pensjoen. Van Wijhe stoar yn 1987, hy waard 77 jier.

Hy waard as boargemaster fan Eastdongeraiel opfolge troch R.W. Dijktsra.