Ids Wiersma
Ids Wiersma (21 juny 1878, Brantgum - 24 augustus 1965, Dokkum) wie keunstskilder.
Biografy
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeIds Wiersma waard yn Brantgum berne as soan fan Doeke Goaslings Wiersma en Eeke Idses Koopmans. Nei de lânboukrisis fan 1880 brieken foar Ids syn heit, dy't boereärbeider wie, swiere tiden oan. Ids rûn oer de side. Boerefeint wurde siet der dus net yn.
Al ier yn syn jonkheid die bliken dat er hiel moai tekenje koe. De boppemaster Dijkstra fûn dat Ids bêst skilder wurde koe. Syn âlden doarsten sa'n aventoer net oan en sa waard Ids yn 'e lear dien by de doarpsferver. It blykte dat Ids der útpykte yn it fine wurk.
Yn 1895 gie Ids as ferversfeint nei Winaam. Dêr stie doe ds. W. Koeze waans frou skildere en doe't sy Ids syn wurk seagen, stjoerden se dat op nei de doe ferneamde skilders Jozef Israëls en Hendrik Willem Mesdag. Dy seagen dat der wat yn dy ferversfeint siet.
Yn 1898 waard Ids Wiersma ynskreaun by de Tekenakademy yn De Haach. Letter soe er dêr learaar etsen en litografy wurde.
Skilder
bewurkje seksjeYn 1891 krige er syn earste grutte opdracht foar muorreskilderings yn it nije gebou fan de Ryksmunt yn Utert.
Yn 1918 yllustrearre Ids Wiersma de nije útjefte fan de Rimen en teltsjes fan de Bruorren Halbertsma.
Hy sette him nei wenjen yn Drachten. De Suvelbank joech him de opdracht om it Fryske boerelibben om 1900 hinne fêst te lizzen yn oaljeferve-skilderijen.
Nei 1929 is er dêr fierder mei gien. Yn tekenings hat er it boerelibben hast dokumintêr fêstlein.
Ids Wiersma wurdt wol de 'ferteller mei de pinne' neamd. Hy is beynfloede troch de Haachske Skoalle en de skilderkeunst yn de 17de iuw.
Ids Wiersma ferstoar op 24 augustus 1965 te Dokkum. Hy wenne op dat stuit yn it ferpleechhûs Nij Toutenburg yn Noardburgum.
Neitins
bewurkje seksjeYn 1978 kaam ûnder redaksje fan J.J. Kalma en oaren it boek Ids Wiersma, tekenje foar Fryslân út mei in oersjoch fan syn wurk.
Yn Brantgum waard in stjitte nei Ids Wiersma neamd en der kaam in stânbyldsje fan Gosse Dam. Ek yn Brantgum is men dwaande om in fêst betinkingsplak foar Ids Wiersma yn te rjochtsjen en syn neilitten wurk in goed plak jaan.
Sjen
bewurkje seksje- It Museum Smellingerlân te Drachten hat in stikmannich skilderijen fan Ids Wiersma yn de fêste útstalling.
Tekeningen
bewurkje seksje-
Doarpsgesicht Eastrum, 1904
-
Pompmûntsje De Westerein
-
Travalje, Burdaard, 1906
-
Brêge by it Goddeloas Tolhûs ûnder Ikkerwâld
Literatuer
bewurkje seksje- Martina, Paulo (2012) Ids Wiersma, Monet van Friesland, uitg. Museum Dr8888, Drachten ISBN 9789077169186
- Pieter Jelles, âlde en nije fersen fen Pieter Jelles; mei portret fen'e dichter en printen fen Ids Wiersma
- Bruintjes, Jaap (et al.) (2003) Ids Wiersma: het grafische werk, útj. Museum Smellingerlân, Drachten,
- Keizer, Joost (et al.) (2002) Ids Wiersma: ienfâld en echtens, útj. Instituut voor Kunst- en Architectuurgeschiedenis, Grins, ISBN 90-367-1629-2
- Kalma, J.J. (et al.) (1978) Ids Wiersma: tekenje foar Fryslân, útj. De Tille, Ljouwert, ISBN 90-70010-75-5