Henk Prins
Henk Prins (Hurdegaryp, 8 april 1967) is in Fryske gûchelder.
Prins is in spesjalist yn it close-up gûcheljen, ek wol table-magic neamd. Dat bestiet út:
- it gûcheljen mei de noas der boppe-op.
- gûcheljen mei alledeiske foarwerpen,
- bûsehifkjen.
Hy wurket mei humor en magy wêrby't entertainment foarop stiet.
Henk Prins wûn twa kear de earste priis by de Nederlânske kampioenskippen Gûcheljen (1999 en 2001). Mei syn bühne-act wûn hy by de Nederlânske Kampioenskippen in twadde priis (2000).