Haije Sybesma (ek wol skreaun as Haye Sybesma) (Moarrewâld, 30 april 1938 - Dokkum, 13 jannewaris 2018) wie in eardere Nederlânsk politikus. Hy wie lid fan de ARP en nei 1980 fan it CDA.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Haije Sybesma wie soan fan in karmaster en waard grut yn Moarrewâld. Hy studearre rjochten oan de Frije Universiteit Amsterdam. Nei syn stúdzje keas er foar in amtlike karriêre. Hy wurke by de ministearjes fan Underwiis, Kuensten en Wittenskippen en Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk, ek wurke er by de gemeente Rotterdam. Dêrnei ferlei er syn wurkpaad nei it iepenbier bestjoer. Hy waard yn 1969 beneamd ta boargemaster fan de gemeente Súdhorn yn Grinslân. Yn 1976 waard er beneamd as boargemaster fan it Fryske Dokkum en nei de gearfoeging fan de gemeenten Dokkum, East-Dongeradiel en West-Dongeradiel yn 1984, wie er oant 1999 boargemaster fan de nije gemeente Dongeradiel. Fan 1 jannewaris 2000 ôf waard Sybesma waarnimmend boargemaster fan de gemeente Kampen yn Oerisel oant dy gemeente op 1 jannewaris 2001 fusearre mei de gemeente IJselmuiden. Fan novimber 2003 oant july 2004, wie Sybesma boargemaster fan Skiermûntseach.

Nei't er in beroerte hân hie krige syn sûnens in reis. Sybesma waard de lêste jierren ferplege yn de Waadwente yn Dokkum. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sybesma maakte Dokkum financieel weer gezond, Frysk Deiblêd 16 jannewaris 2018, s. 22