Delling
In delling of bedelte is in langhalige leechte of ferdjipping yn it lânskip. In bedelte wurdt ek wol fallei neamd, bygelyks de Gelderske Fallei.
De measte dellings binne ûntstien troch de útspieling fan in beek of in rivier, mar ek gletsjers en bewegingen yn de ierdkoarste kinne in bydrage leverje yn it ûntstean fan in bedelte. Op basis fan de ûntsteansskiednis wurde U-dellings en V-dellings ûnderskieden. U-dellings binne útsliten troch gletsjers en V-dellings troch beken. In kleau (ek wol ravyn of canyon neamd) is in troch eroazje djip útsliten rivierdelling mei steile (rots)wanden.
Faak is in bedelte in fruchtber plak (wetter siket it leechste punt) en leit it beskûle tsjin wyn en kjeld. De temperatuer is yn de delling dan ek heger. Yn bercheftige streken lizze de measte stêden en doarpen dêrom yn falleien.
Yn bergige gebieten lykas Eastenryk, Switserlân en Noarwegen binne dellings folle dúdliker te ûnderskieden as yn gebieten mei in bytsje reliëf, lykas yn Fryslân.
Topografyske beneamingen yn Nederlân mei in ferwizing nei in delling (dal) binne bygelyks Diependal, Roerdalen, Haasdal, Berg en Dal, Nijverdal.
Utdrukkings
bewurkje seksjeIn delte-taryf is in ferlege taryf op in momint dat de drokte of it gebrûk of ferbrûk leech is. In foarbyld dêrfan is nachtstroom.
Delgrûn ûntstiet as de boppeste laach fan it fean, de bolster, fermongen wurdt mei it sân ûnder it ôfgroeven feanpakket dêr't bygelyks turf fan makke waard.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Delling fan Wikimedia Commons. |