Readboarstsopspjocht
De readboarstsopspjocht (Sphyrapicus ruber) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae).
readboarstsopspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sphyrapicus ruber | ||||||||||||
Gmelin, 1788 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
Beskriuwing
bewurkje seksjeFolwoeksen fûgels hawwe in reade kop, in read boarst, in wite ûnderbúk en stút. Op 'e rêch en wjukken binne se swart en hawwe se wite, ûnregelmjittige flekken op 'e grins fan 'e rêch en de wjuk en op 'e dekfearren. Noardlike fûgels ( S. r. ruber) hawwe giele streken op 'e rêch en in giele boppebúk.
It skaai telt twa ûndersoarten:[1]
- Sphyrapicus ruber ruber: fan súdlik Alaska oant westlik Oregon.
- Sphyrapicus ruber daggetti: yn it súdwesten fan 'e Feriene Steaten.
Súdlike fûgels (S. r. daggetti) hawwe wite streken op 'e rêch en in bleke búk. It blokkepatroan op 'e slachpinnen is by beide ûndersoarten wyt.
Iten
bewurkje seksjeNei't de fûgels gatten boarre ha yn horizontale rigen geane se fuort en komme se werom as it sop fan 'e beam út de gatten begjint te kommen. De tonge is oanpast mei stribbich hier om sop mei op te fangen. As de fûgel faak in besite bringt oan de beam, kin dat de ein foar de beam betsjutte. De ynsekten dy't op it sop ôfkomme wurde likegoed opiten. Ek oare fûgels profitearje fan de fiedselproduksje fan 'e spjocht. Sa is it waarnommen dat rôze kolibry's de spjochten folgje en ek mei-ite.
Nêst
bewurkje seksjeDe fûgels hawwe harren nêst yn in beamholte, dat se yn april of maaie begjinne te meitsjen yn in deade beam, meastentiids in leafbeam. Se lizze ienris sa'n 4 oant 7 wite aaien yn 't jier. Beide âlders fersoargje de jonge fûgels, dy't nei 23 oant 28 dagen útfleane. De holte wurdt net wer brûkt foar noch in lechsel.
Fersprieding
bewurkje seksjeReadboarstsopspjochten komme yn it west fan Noard-Amearika foar. Fûgels út it noardlike diel fan 'e fersprieding trekke nei it suden en de fûgels dy't mear yn it binnenlân briede lûke winterdeis nei it leechlân oan 'e kust, dêr't it waar sêfter is. Winterdeis komt de fûgel oant yn it noarden fan Baja California (Meksiko) foar.
De fûgels briede yn bosken mei dinne- en spjirrebeammen, alhoewol't bekend is dat se ek wol oare type bosken brûke. Se hawwe harren foarkar foar âlde bosken. Readboarstsopspjochten ha libjende beammen nedich, dy't harren it sop jaan kinne dêr't se fan ite. It winterhabitat bestiet út leaf- of nullebosk.
Status
bewurkje seksjeDe popelaasje wurdt rûsd op likernôch 2,3 miljoen folwoeksen fûgels. De fûgel wurdt op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige beskôge.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Red-breasted sapsucker (ferzje fan 26 desimber 2023)
|