Maurits Troostwijk
Mozes (Maurits) Troostwijk (Ljouwert, 10 maart 1914 - Driebergen, 8 febrewaris 1991) wie in Nederlânske jurist en politikus.
Karriêre
bewurkje seksjeTroostwijk waard berne yn Ljouwert as soan fan in Joadske antikêr. Hy gie nei de hbs en wurke fan 1931 ôf as klerk by de gemeente Menameradiel en fan 1933 - 1935 yn Ljouwert. Hy helle yn 1934 it diploma gemeenteadministraasje en die in jier letter it steatseksamen oan it gymnasium. Fan 1935 oant 1940 studearre hy rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wie lid fan de Frijsinnich-Demokratyske Jongerenorganisaasje (V.D.J.O.), dêr't hy lokaal en lanlik aktyf foar wie.
Oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch wie hy adjunkt-kommys op de siktary fan de gemeente It Hearrenfean. Hy wie dêrneist sekretaris fan de Joadske Ried yn Ljouwert (1941-1943). Hy waard troch de besetter ûntslein by de gemeente. Yn 1943 dûkte hy ûnder yn Donkerbroek. Ferskate famyljeleden, wêrûnder syn heit en healsuster, waarden yn de konsintraasjekampen ombrocht. Nei de oarloch waard Troostwijk haad fan de politike opspoaringstsjinst yn Fryslân, oant hy ein 1945 nei Almelo gie. Hy waard haad algemiene saken op it gemeentehûs en pakte dêrneist syn stúdzje wer op. Yn 1947 promovearre hy op syn proefskrift Gemeentelijk strafrecht.[1]
Yn 1948 waard dr. Troostwijk gemeentesekretaris fan Grins, in funksje dy't hy oant 1964 ferfolde. Hy wie dêrneist lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal (1962-1975) en fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân (1962-1970). Yn de Keamer wie hy ûnder mear ficefraksjefoarsitter fan de Partij fan de Arbeid (1970-1975).[2] Yn 1964 waard hy beneamd ta heechlearaar oan de Grinzer Universiteit. Yn 1971 ruile hy it heechlearaarskip foar it amt fan boargemaster fan Amersfoort. Fjouwer jier letter ferliet hy de gemeentepolityk foar syn beneaming ta lid fan de Ried fan Steat. Hy waard yn 1982 foarsitter fan de ôfdieling rjochtspraak fan de Ried. Yn 1984 waard hy santich jier, wat betsjutte dat hy syn funksje by de Ried fan Steat dellizze moast.[3] Troostwijk ferstoar doe't er 76 jier âld wie.
Troostwijk waard meardere kearen ûnderskieden, hy waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1972), Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1982) en Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1984).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|