Hetty Janssen
Hetty Janssen (Breda, 1 jannewaris 1954) is in Nederlânske politika fan de Partij fan de Arbeid (PvdA). Sûnt 2011 is sy steatelid. Sy waard yn 2019 fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Provinsjale Steaten. Sy is no lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal (2023).
Hetty Janssen | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Hetty Janssen | |
Berne | 1 jannewaris 1954 | |
Berteplak | Breda | |
Funksje | lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal | |
Sûnt | 2023 | |
Partij | Partij fan de Arbeid/GrienLinks | |
Politike funksjes | ||
2022 | lid betrouwenskommisje foar werbeneaming KfdK | |
2022 | ynformateur yn de gemeente Súdwest-Fryslân | |
2019-2022 | fraksjefoarsitter PvdA yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân | |
2012-2018 | bestjoerder / algemien direkteur fan De Waerden | |
2011-2022 | lid Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de PvdA | |
2010-2012 | lid ried fan bestjoer fan it behannelsintrum Woodbrookers | |
2004-2007 | direksjelid de Ried fan Bestjoer fan Het Poortje te Grins | |
2000-2004 | algemien direkteur fan CBD-Fryslân | |
1993-2000 | lid sintrale direksje fan skoallemienskip Slauerhof en Piter Jelles | |
1988-1993 | direkteur fan Wissesdwingermavo yn Ljouwert | |
1971-1988 | dosint natuerkunde, skiekunde, wiskunde en technyk |
Libbensrin
bewurkje seksjeJanssen hat har middelbere ûnderwiis ôfmakke yn 1971 op de Rijks HBS Breda, wêrnei't se Natoer - en Skiekunde oan de Ryksuniversiteit Utert studearre. Yn 1977 helle Janssen har diploma nei in doktoraaleksamen. Yn 1988 hat sy in managementoplieding dien op de Kristlike Hegeskoalle Windesheim[1] yn Swol.
Wurk
bewurkje seksjeFoardat se yn de polityk kaam, wurke sy as dosint natuerkunde, skiekunde, wiskunde en technyk (1976-1988).
Janssen hat dêrnei faak direkteur west by ferskate soarchynstellingen, âldereinsoarch, hendikeptesoarch en jeugdsoarch. Fan 1988 oant 1993 wie se direkteur fan Wissesdwingermavo yn Ljouwert.
Janssen wie ek lid fan de sintrale direksje fan de iepenbiere skoallemienskip Slauerhof en Piter Jelles (1993-2000).
Fan 2000-2004 wie se algemien direkteur fan CBD-Fryslân, Biblioteekservice-organisaasje yn Fryslân
En fan 2004 oant 2007 wie Janssen direksjelid fan de Ried fan Bestjoer fan Het Poortje te Grins en fan 2007 oant 2012 lid fan de Ried fan Bestjoer dêre.
Yn 2010 waard se lid fan 'e ried fan bestjoer fan it behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen; dat wie Janssen oant 2012.
Fan 2012 oant 2018 wie Janssen bestjoerder/algemien direkteur fan De Waerden.
Polityk
bewurkje seksjeFan 2011 ôf wie Janssen lid út namme fan de PvdA yn Provinsjale Steaten fan Fryslân en sûnt 2019 oant 2022 fraksjefoarsitter.
Yn 2022 waard sy ynformateur yn de gemeente Súdwest-Fryslân nei de lêste gemeenteriedsferkiezingen.
Ek yn 2022 waard Janssen lid fan de betrouwenskommisje foar it op 'en nij beneamen fan de Kommissaris fan de Kening.
Yn 2021 -2022 wie Janssen lid fan de CLB-wurkgroep dy't him bûgde oer de tapassing fan de sosjaal-demokratyske wearden yn it domein fan it middenbestjoer. Dat late ta it essay De mens terug in het middenbestuur [2].
Hjoeddeistige bestjoersfunksjes
bewurkje seksjeSûnt 2009 is Janssen bestjoerslid fan de stichting ELF.
Sûnt 2018 is sy foarsitter fan it bestjoer fan Stichting Urgente Noden Friesland.
Sûnt 2019 is sy bestjoerslid fan de stichting Vrienden van de J.P. van den Bent stichting
Takomst
bewurkje seksjeFan 2023 ôf sil Janssen lid wêze fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal en as lid fan de kombinearre fraksje[3] PvdA / Grien Links.
Privee
bewurkje seksjeHetty Janssen is al mei pensjoen. Yn 1976 is se troud. Yn 1981 hat sy in famke krige. Sy hat it Syndroom fan Down. De dochter is no folwoeksen en is troud mei in man dy't ek it syndroom fan Down hat.[4] En yn 1982 hat sy in jonge krige dy't ek troud is en twa bern hat. Oant en mei har 55e hat Janssen kuorballe.
Trivia
bewurkje seksje- Sjuerylid by it telefyzjeprogramma "Op weg naar een lagerhuis" (2012).
- Mentor fan it programma Stem op een Vrouw (2020), dat is in stichting dy't him ynset om mear froulju yn politike funksjes te krijen.
- Hetty Janssen is yn 2023 keazen as bêste steatelid fan de ôfrûne fjouwer jier.[5]